FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Fjoerwurk

Feriene Steaten fan Europa,
grut ferskaat dat ta in ienheid wurdt,
in puber no wat earst wie bern,
it moat op folle sterkte ta,
Europa, lit dyn fjoerwurk sjen!

Ek nasjonaal is foar Europa,
want it Fryske spilet syn partij
yn 't fjoerwurk Méditerannée,
't moat kinne by in feest, no sa,
Europa ja, mear regels nee!

Wol ús ek bystean, leaf Rivièra,
want oars sjit it Fryske derby yn
mei 't knallen fan syn âld karbid
fan Ald op Nij, it kin mar sa,
wa wit en dan is 't gau: no shit!

Feriene Steaten fan Europa,
dyn demoanen sjitte wy oeral,
rassist, fassist en globalist,
wy wolle neat fan harren ha,
mar wol fan fjoerwurk, want dat is 't!



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling