FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Sa wier as

Dy wierheid wie net te foarsjen
beswarden hearen dy't it witte

om it boetekleed te mijen,
mar hoefolle geane net foargoed ferlern?

Sa wier as 't lân is wyt fan froast,
hoe soene hearen dermei sitte
dy't har streekjespak wol krije,
want wa't witte mei dat is allinnich Joast.

Sa wier as stobben bliuwe oer,
men kin der wol in eed op swarre,
't sljochte folk moat it belije,
lûkt de sile yn de kile fan de boer.

Sa wier as wierheid wint it pleit,
it sil wer yn de maitiid barre,
kleden sille har fernije,
sels de krisis duorret net in ivichheid.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling