FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Fokprogramma's

It is útein set mei Napoleon,
de hoanne fan de Frânske fok
dy't mei syn pronkske fearren swaaide
en sjedêr al wer in hinnehok
dêr't hy fiktoarje kraaide.

It Fryske hinnehok wie him te lyts
foar't fokprogramma, swier potint,
de hichte koe him wol bekoare,
sa kaam it Iems-departemint
fan Grins yn 't hege noarden.

Mar Fryske hinnen ha in lichte lêch
en doe't er rekke ympotint,
ferfoeren sy wer nei har hokje,
binnen eigen grinzen samar wend
mei elke dei in brokje.

Oant wer in galahoanne kaam yn byld
dy't oer de grinzen kraaie woe
fanwege megahinnehokken,
mar de Fryske hinnen woene doe
net langer mei him fokke.



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling