FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Mobyl

Wat is mobiler as de ljip,
ús Frysk ikoan yn dûkelflecht
dy't maitiids loftshowt as wie't echt
en binne aaien fûn of út,
dan makket er yn styl in trip.

De finer fynt himsels mobyl
as hy mei pet op 't lân yn set
en wolris draait om wurd en wet;
stjit hy op 't broedsje ta beslút,
dan telt er mei as ljippofyl.

Yn 't suden reitsje se mobyl
as har ikoan is op 'e trek,
in byld dat knalt har knettergek;
wannear't de hagel rekket bút,
dan wurde sjitters gastrofyl.

Net ien of neat is sa mobyl
as 't scoren fan it hege tal,
hiel oars as 'k ha myn pet hjoed fol,
't mobyltsje stjoert de aaishow út,
dat ljippo- wurdt ek digifyl.

 



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling