FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

I have a megadream

Hoefolle dreamen binne brutsen
yn de ieuwenlange slavernij
oant ien dream syn miljoenen lutsen
hat nei swart en blank gelyk en frij.
'I have a dream!' waard doe in yell
en ieuwen seagen op 'e kening del.

Hoefolle dreamen ha it helle
yn de ieu fan Alvestêdenocht,
mar ien dream kin 't ferhaal fertelle
fan de wurden foar de megatocht.
Kroeskening spriek op hege toan
foar alve mikrofoanen: 'It giet oan!'

Hoefolle dreamen hawwe sprutsen
yn it jier fan kening Jorritsma
oant ien dream 't Fryske bomiis brutsen
hat, want sa woe hy de motto's ha:
'I have a megadream, 't giet oan,
't sil heve, mar wannear, miskien wol moarn.'

                      Tomme fan Jorritsma



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling