FNP Fryslân
Dossiers - Partijdichter

Ballade fan Easterein

Easterein, de namme seit it al:
de wiisheid út it fiere easten
streamt oerfloedich ta en sa rint fol
de ein, it wurd en byld it measte.

It doarpsbyld mei syn mânske toer,
in eilân yn in see fan greide;
't wurd wie oan de boarger en de boer
dy't froed it deistich nijs oereiden.

Wol froed en from wie de pastoar
dy't yn de mis it Wurd ferbylde,
wylst de bylden yn it hillich koar
it sljochte tsjerkefolk besielen.

Martinitsjerke seit it al:
it libben is der om te dielen,
dat it folk betocht de earmen gol,
gjinien soe him mear liddich fiele.



Doe kaam de tiid fan byldestoarm,
fan hilligen oan gruzleminten;
't wurd dat klonk wie lûd: 'Herfoarm-
je dy, it Wurd, gjin sakraminten!'

It tsjerkeplein lykwols joech 't byld
fan klappend loven en fan bieden,
steile wurden waarden drinkend dield,
de klokken hearde nimmen lieden.

Twa tsjerken rôpen op in snein,
de grutte en de grifformearde;
't waard it byld fan skieden Easterein,
dêr't beide 't folk it Heilswurd learden.

Mar hark, der kaam in oare tiid:
de lytse tsjerke waard oerstallich,
âlde wurden rekken út 'e striid,
it byldesintrum waard oanfallich.

Easterein, it doarp mei wurd en byld,
in printerij en eksposysje,
de wiisheid is no goed ferdield,
it einbeslút kin beide hysje.  



Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling