FNP Fryslân
Bloch

[Bloch] Johannes Kramer: 'Foar elts wat te winnen mei biologyske lânbou'

Nei alle media-oandacht foar myn taspraak oer biologyske lânbou op 25 jannewaris ha ik in protte reaksjes krigen. Positive, mar ek negative. Ik ha mei ferskate boeren oan keukentafels sitten. En ik ha begryp foar in soad beswieren. Mar myn konklúzje is net feroare.

Wy wolle mei syn allen in lânbou dy’t bydraacht oan it lânskip, it behâld fan ús greidfûgels en de oanpak fan it klimaatprobleem. Mar hoe dogge wy dat? En hoe soargje wy dat dy lânbou ek boer-ynklusyf is, dat wol sizze dat de boer ek mear en better fertsjinnet? Allinnich in lânbou dêr’t wy allegeare by winne hâldt ús plattelân leefber.

 

Gongbere lânbou

De gongbere lânbou docht syn bêst mar kin net elts winne litte. De ôfrûne tweintich jier ha benammen de bank, it suvelfabryk en it grutwinkelbedriuw wûn. Pake krych de pleats noch lyk. Heit en mem foar trije kwart. Mar hoe komt it as de bern aanst de pleats oernimme wolle? De skulden rinne mar op. De frije merk biedt hjirfoar gjin oplossing. Dat moat oars.

 

De biologyske lânbou hat datoangeande de takomst. Yn 2016 ferwachte Albert Heijn al dat oer 20 jier alle produkten biologysk binne. It merk-oandiel biologysk groeit. De Europeeske boarger, de kiezer, freget ek dat de oerheid yngrypt en stjoert om de lânbou om te skeakeljen nei in duorsume, sirkulêre lânbou.

 

FNP-deputearre

De ôfrûne 8 jier ha ik as lânbou-deputearre it debat oer de lânbou fan tichtby meimakke. De ûnfrede en it fertriet oer de stân fan ús lânskip binne grut. De boeren wolle hjir graach wat oan dwaan, mar de effekten bliuwe noch te beheind. Slimmer noch, de gongbere lânbou wurdt pleage troch eltse kear wer nije regels, nije beheiningen en nije rjochten. Gefolch: de grutte finansjele belangen wurde feilichsteld, mar de boer krijt it hieltyd dreger om buorkje bliuwe te kinnen.

 

De biologyske lânbou is alhiel net regelfrij, mar is wol grûnbûn, sirkulêr en duorsum. Mei sa’n lânbou kin de boer him wer rjochtsje op buorkjen. Wy soene mei syn allen tagroeie kinne nei in 100% biologyske lânbou. Dêrmei kin agrarysk Fryslân útgroeie ta in duorsum agarysk ikoan yn Europa.

 

Frijwillich

Fansels net fuortendaliks, mar op termyn, mei ferdrach en op frijwillige basis. Fan ûnderop en mei de boeren. Wy kinne net fan de flier op de souder. Mar wy bin al in ein op paad. De gongbere lânbou komt hieltyd mear yn de buert fan de biologyske. Boppedat, de merk sil it op termyn easkje. De oerheid moat dat stimulearje, ek oan de fraachkant. Fryslân kin op en nij it ferskil meitsje.


Oanhingsel(s):
Johannes_Kramer_bloch2.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling