FNP Fryslân
Bloch

[Bloch] Wopke Veenstra 'Lit it lânskip net ferliezer wurde fan it jild'

De garnalefiskers fan Zoutkamp, dêr lies ik okkerdeis oer yn de Volkskrant. De mannen wêr’t fan elts sei dat se it yn de skaalfergrutting net rêden. Mar de fiskers bliuwden lyts en rendabel en fiskje duorsum. Dêrmei hawwe se in goed produkt, in garnaal dy’t lekker smakket en ek noch duorsum is! De Zoutkampers setten it yn de merk ûnder in eigen label (SOLT) en waarden dermei eigen baas oer de fangst en de opbringst!

It is krekt oer de grins mei Grinslân, mar yn alle hear en fear in FNP-ferhaal! Wy sette ús yn foar it lânskip én foar ûndernimmerskip op in ferantwurde wize.

Mar de fiskers ha bot lêst fan de seeramp mei de MSC Zoë, harren foto’s litte sjen dat de netten kapot skuord wurde troch stikken konteners op de boaiem fan de Noardsee. In ferskriklike saak.
Ommers: der is al sprake west fan reders dy’t it net sa strikt nimme mei (Europeeske) regeljouwing by it ferfier fan konteners. Moatte de fiskers fan Zoutkamp, dy’t skreppe om duorsum en ferantwurde te wurkjen, op in lytse skaal, it ôflizze tsjin it merktinken en de taal fan it jild?

It is like fertrietlik wat der ferline wike yn De Fryske Marren bard is. Partijen as de VVD en it CDA kieze net foar kwetsbere natuer, it Fryske lânskip, mar foar it jild, in merkpartij wêr’t fan wy no witte dat de bewenners, planten en bisten der net oer kinne. Mei it argumint: betrouber wêze. Lit it lânskip net ferliezer wurde fan it jild!
Foar de FNP is it Fryske lânskip it griene goud, dé kearnkwaliteit fan ús provinsje. Wy kieze foar it kwetsbere en sette yn op (termyn) duorsume en biologykse lânbou, lânskipsbehear mei de mienskip, strang op grutskalich kontenerferfier op ‘e Noardsee, gjin kommersjeel gewin yn ‘e natuer.
 
Ik ha yn it bestjoerswurk fan it agrarysk natuerbehear (Noardlike Fryske Wâlden) mei makke dat boeren (guon nimme dat: de merk) rekken hâlde mei de omjouwing. Alles wat libbet om ús hinne. Dat is it selde ferhaal as dat fan de garnalefiskers. Yn de bedriuwsfiering is romte foar de kwaliteit fan ús lânskip, ús wêzen. It kin wol.
Net grut, grutter, grutst, maar romte foar it lytse.
 
Wopke Veenstra - FNP-Steatelid

Artikel Volkskrant 12 febrewaris 2019
De mannen fan SOLT Zoutkamp 

Oanhingsel(s):
Wopke_Veenstra_Bloch.jpg
Schroot.jpg
Garnalenfiskers.jpg
Solt_garnalen.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling