FNP Fryslân
Bloch

[Bloch] Sybren Posthumus: Gasprotest yn myn âlde studintestêd

13 desimber, 10.25 oere. In wetterich sintsje skynt mar it is kâld. Ik stean op it stasjon fan Grou-Jirnsum te wachtsjen op de trein nei Ljouwert. En dêrnei dan troch nei de stêd Grins. Bin benijd wat de dei my bringe sil. Fansels hoopje ik op in grutte opkomst by it gasprotest yn myn âlde studintestêd…

In persoanlike sentimental journey

De reis ferrint goed en noflik. Wat in genot om yn mar 34 minuten tiid mei in komfortabele sneltrein fan Ljouwert nei hertsje Grins te riden. Dat wie yn myn studintetiid wol oars... Yn Grins oankommen kuierje ik nei it Guyotplein, in plak foar de rjochtbank fan Grins dêr't de demonstraasje plakfynt. It fielt in bytsje as in ‘sentimental journey', want de stêd is my sa fertroud en hast blyn soe ik myn bestimming berikke kinne. Mar ûnderweis is der wol wat feroare: it gebou fan de âlde V&D stiet foar 75% leech en der wurdt folle mear Ingelsk praat, troch de oanwêzigens fan ynternasjonale studinten.

 

Aksjefierders út hiel Nederlân

As ik oankom binne der al tsientallen demonstranten. As earste sykje ik Wopke Veenstra op, myn kollega-steatelid dy't it spandoek meinommen hat mei as tekst ‘De FNP lit Fryslân nea sakje'. Wy rôlje it spandoek út en prate mei ferskate oare aksjefierders. Nei inskoftke komt Monique Plantinga by ús, de foarsitster fan de aksjegroep ‘Tsjingas' út Nij Beets. Se is bliid dat wy kommen binne mar fertelt ús ek dat de rjochtssaak oer gaswinning oan it útrinnen is. En dat de taspraken dêrom mar begjinne moatte. Der folgje ferhalen fan aksjefierders út hiel Nederlân. It is bûten kâld mar wy wurde waarm fan de ûnderlinge solidariteit en stipe foar elkoar. De needklok foar Grinslân wurdt let, der is in soad media oanwêzich en wy gean meielkoar op in groepsfoto. De fotografen wolle dat ‘Fryslân' foaroan sitten giet mei it spandoek en dat dogge Wopke en ik.

 

Se wenje dêr tige moai, seit se, mar se hawwe tsientallen skuorren yn de muorren en tûzenen euro's skea. 

 

Fersakkingen yn Noardeast-Grinslân

Nei de taspraken hawwe Poppe Hooijsma, FNP'er út Mildaam en ik noch praat mei in frou dy't oarspronklik út De Pein komt. Mar se wennet tsjintwurdich yn Zeerijp, flakby Delfsyl, midden yn it ierdbevingsgebiet. Se wenje dêr tige moai, seit se, mar se hawwe tsientallen skuorren yn de muorren en tûzenen euro's skea. It hûs kinne se oan de strjitstiennen net kwyt. It ferhaal komt my spitigernôch bekend foar. Oardel jier lyn bin ik al ris troch it noardeasten fan Grinslân riden en dêr tal fan huzen, bedriuwen, pleatsen en tsjerken sjoen dy't troch de gaswinning fersakke wienen en stut wurde moasten. Yn Fryslân hawwe wy yn it noardwesten ek grutte skea troch gas- en sâltwinning. Wêrby't de lânbou ek nochris bedrige wurdt troch de fersilting yn kombinaasje mei boaiemdelgong.

 

Sûnensklachten

Mar de problematyk troch delfstoffewinning is folle breder en spilet op de hiele wrâld. As wy it oer Europa hawwe, dan is ien fan de grutste skandalen de brúnkoalwinning yn de Lausitz (súdeasten fan Dútslân). Persoanlik haw ik dêr in pear jier lyn tsjûge fan west. No bin ik normaal aardich nuchter, mar dêr stie ik mei triennen yn de eagen. In leefgebiet fan tsientallen fjouwerkante kilometers is dêr ôfgroeven , sa fier as jo sjen kinne is dêr neat mear. Gjin beam, gjin hûs, gjin minsk, gjin bist. Neat, niente. Allinnich de graafmasines. Tsientallen doarpen binne foar de koalwinning fan de ierdboaiem ferdwûn en de minsken ferplichte ferpleatst nei freeslike flatgebouwen yn de omkriten. It is ek nochris it wengebiet fan de Sorben, in Slavyske minderheid fan mar 60.000 minsken yn dy regio. Harren taal en kultuer wurdt sa noch mear bedrige. Minsken krije kanker en oare sûnensklachten troch de stowerij. Is it jildlik gewin fan in pear oandielhâlders no it alderwichtichste?  

 

Allegear redenen foar my om op te kommen foar oare enerzjyfoarmen dy't it lânskip, de minsken en it miljeu net skeine. Foar Fryslân binne dy der, sa hawwe wy as FNP dat útrekkenje litten troch de Universiteit fan Twente. De idealen foar in bettere wrâld binne realistysk. As wy dat mar wolle.   

  


Oanhingsel(s):
fnpblogsybrenposthumus.jpg
foto00.jpg
foto01.jpg
foto02.jpg
foto04.jpg
foto05.jpg
foto06.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling