FNP Fryslân
Bloch

[Bloch] Gerben Gebrandy: Frysk lûd yn de Earste Keamer

Stim op de FNP as wêzentlik Frysk lûd yn Den Haach. Dat is ek de ynset foar 20 maart. Dat de FNP gjin fileaal is fan in lanlike partij hat de ôfrûne jierren fertúten dien. Mei Hendrik ten Hoeve hat de Onafhankelijke Senaatsfractie (de OSF) in trochslach jûn yn, foar Fryslân, wichtige saken.

Needsaak foar ûnôfhinklik lûd

In regionaal lûd, sûnder in grutte memmepartij mei oare belangen, docht der ta. In lytse greep:

 

1. Rêding Omrop Fryslân

It ûnsalige plan fan staatsekretaris Sander Dekker (VVD) om de regionale omroppen ûnder yn koepel te stekken betsjutte foar de Omrop in ein oan de selsstannigens. Yn maart 2016 hat Hendrik ten Hoeve súksesfol de selsstannigens fan de Omrop feilich stelt mei in, unanym, oannommen moasje yn de Earste Keamer.

 

2. Oanpassing donorwet

It spande derom. Soe de inisjatyfwet fan Pia Dijkstra (D66) in mearderheid krije? Mei de iene stim fan de OSF koene de regionale partijen ynfloed útoefenje. It belangrykste punt fanút de OSF: jou neibesteanden sizzenskip by mooglik donorskip. Dit is wichtige oanpassing wurden yn de donorwet. 

 

3. Frysk tastien as taal op berneopfang

De wet OKE fan steatsekretaris Rouvoet (ChristenUnie) wie der op doelt dat it Nederlânsk de ienigste taal wurde soe op berneopfang. Dit wie yn in tiid mei in soad tsjinwyn foar - yn ús lân - frjemde talen lykas it Turks, Arabyske, ensfh. Mar it Frysk dan as twadde Rykstaal? Mei Hendrik ten Hoeve nammens de FNP yn de Earste Keamer moast Rouvoet de wet oanpasse. Ek it Frysk waard tastien.

 

Wat docht de Earste Keamer

De Earste Keamer kontrolearret de Twadde Keamer. Nijsgjirrich is as aansen de koalysje yn de Twadde Keamer har mearderheid yn de Earste Keamer ferliest. Yn dat gefal sille hja by de oare partijen del moatte foar stipe. As ús stim nedich is, dan sil ik ús punten as wikseljild nei foaren bringen.

 

Koalysje ferliest mearderheid

Der binne 13 ûnôfhinkelike partijen dy't gearwurkje yn de OSF. FNP'er Hindrik ten Hoeve hat 12 jier in sit yn de Earste Keamer hân foar de OSF. Der binne grutte kânzen foar ûnôfhinklike partijen. Protte minsken binne it Rânestêdkabinet sêd en leafst 33% fan alle stimmers stimme as sy de kâns krije, op lokale ûnôfhinklike partijen. In hiel soad binne alle betrouwen yn de polityk kwyt rekke en stimme al hielendal net mear.

 

Oer my

Myn namme is Gerben Gerbrandy en ik ha my kandidaat steld om foar de OSF (Onafhankelijke Senaats Fractie) in sit yn de Earste Keamer yn te nimmen. Dy stimmers dy't op de FNP (of Provinsjaal Belang Fryslân) stimme, stimme dus yndirekt ek op my.

 

2019 en dernei: de fersmoarger moat betelje

Alle maatregels dy't foar in sirkulêre en fossylfrije en duorsume wrâld nommen wurde, stypje ik. Fansels betellet de fersmoarger en de krappe beurs wurdt sparre. No fisy foar de takomst, foarkomt gigantyske kosten foar ús neiteam.Taal en kultuer binne foar it wolwêzen fan minsken wêzentlik, dêrom sil ik taal en kulturele ûntjouwings mear as gewoan achtslaan en helpe.

 

Fan ûnderen op

As ik in kâns krij jim te ferstjintwurdigjen dan sil dat wêze mei de gedachte fan ûnderen op. Demokratyske fernijing sil ik romhertich stypje. It neoliberale tinken hat syn tiid hân. Guon fersjennigs sille nutsfersjennings wêze moatte. Bygelyks fluch ynternet troch glêstried moat beskikber komme foar elk, krekt as wetter en ljocht.Mei de boeren sille wy sjen litte moatte hoe't ús agraryske sektor op'e nij wrâldlieder wurdt mei sûn iten fan sûne grûn en sûne bisten. Dêr't de boer it ekonomysk better kriget as mei it yntensive buorkjen no. 

 

20 maart net stinne, mar stimme. De Haach kin wol wat lûd út Fryslân brûke. 

 


Oanhingsel(s):
GerbenGerbrandy.jpg
GerbenGerbrandy3.jpg
DianaDeGrootoplokaasje1.jpg
21187730683_31deb4c28e_o1.jpg
4632611430_06f72a8b1e_o1.jpg
tomkeapp1618x10801.jpg
Ik_word_donor1.jpg


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling