FNP Fryslân
Bloch

[Bloch] Bert Vollema: Omskeakeljen nei biolânbou moai mar djoer

Bert Vollema skeakelt oer nei biologyske lânbou. Hy skreau in bloch oer de swierrichheden en hy prate hjiroer yn de podcast.

Tsien jier lyn stie ik al ris op in krúspunt: wat wól ik no eins mei myn bedriuw? Ik frege my ôf: hat it wol doel om hieltyd mear te ynfestearen en al mar mear molke oan de ûnderkant yn de merke te pompen, of sil ik oergean op bio? Dêr hie ik hartstikke nocht oan, in nije útdaging. Dat haw ik doe net dien, de boekhâlder en it molkfabryk wiene der frijwat negatyf oer en myn direkte omjouwing ek. Ik wie der blykber sels ek noch net oan ta, oars hie ik myn eigen sin wol trochdreauwn.

 

No set ik wól troch!

Ferline jier haw ik in plan makke mei wat it kostet en wat ik ferwachtsje dat it my yn de takomst bringe sil. Ik moat sizze dat de boekhâlder der no ek oars nei sjocht. Net dat in boekhâlder de besluten nimt, mar jo moatte goed beslein op it iis ferskine. It blykt mar wer dat ûndenimmen wat oars is as siferkes fergelykje en efterôf fêststelle dat it wol as net goed west hat! De bank is ek posityf en giet der yn mei.

 

Jo moatte witte omskeakeljen nei bio kostet in slompe jild. Dat sit sa: om biologysk te produsearen moatte it lân en de kij twa jier lang omskeakelje foardat je ek de biologyske priis foar de molke barre kinne. Ûnderwilens moat ik al ûngefear in ko de hektare ynleverje en dat rekket my fansels bot yn ’e ponge. En dan moat ik aanst ék noch djoer biologysk krachtfoer foar de kij keapje.

 

Tûkelteammen

Foar in bedriuw lykas mines rint dat flot op nei oardel ton. Dat is foar my noch te oersjen, mar der binne mear tûkelteamen.

 

Op dit stuit is der mear oanbod fan biologyske molke as de merk ferneare kin. No hat myn súvelkoöperaasje my yn ’e wachtkeamer setten en ik wit net hoe lang as dat duorjen giet. In pear moanne ekstra wachtsjen kin ik wol útstean mar in jier wurdt in dreech ferhaal.

 

Biologysk iten

Ik haw ek al earne oars hifke, mar dêr sit men mei itselde ferhaal, se hawwe genôch biologyske molke. De wylde hannel yn fyn ik gjin opsje, gokke dogge se mar yn it kasino! Dat wat stipe fan hokker oerheid dan ek, soe tige wolkom wêze as jo oan it omskeakeljen binne.

 

De merk foar biologyske produkten groeit alle jierren wer. Allinnich it is wol sa dat groei fan in lyts bytsje mar in lyts bytsje bliuwt. De bêste stipe soe wêze as de oerheid mei belied komt dat net de produksje fan bio stipet mar de ôfset fan biologysk produsearre iten. Yn Skandinavië dogge se dat ek en dat wurket dêr goed.


Oanhingsel(s):
Bert Vollema


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling