FNP Fryslân
Bloch

[Bloch] Johannes Kramer: FNP wol doarpsmûnen op see

Yn de oanrin nei de Steateferkiezings wolle hast alle partijen nije wynmûnen op lân tastean. De FNP net.

Ferduorsumje moatte en wolle wy allegearre. It klimaat ferget dat we nije en fierdergeande maatregels nimme om ús gea, bioferskaat en wenomjouwing behâlde te kinnen. Boppedat moatte wy ek nochris fan it gas ôf.

 

Wynmûnen kin fansels helpe. En sterker noch, doarpsmûnen jouwe in direkte, lokale en earlike boost oan de needsaaklike energietransitie. Mar Fryslân mei gjin twadde Flevolân wurde. Meitsje fan ús lânskip gjin enerzjyfabryk! De rêst en de romte fan ús provinsje binne in pree. In hiel soad minsken wurdearje en koesterje dat. It is de wichtichste romtelike kwaliteit dy’t wy hjir noch hawwe. Boppedat krije in protte minsken fysyk en mentaal lêst fan tûzenen draaiende wjukken oan de hoarizon.

 

Eltse transysje hat syn útfallen. It doel hillicht gauris de middels. By de omskeakeling fan koalen nei gas wie eltsenien yn it begjin bliid. Folle letter die bliken dat de gaswinning foar in gigantysk probleem soarge yn Grins. Dêrom moatte wy no ek net yn sân hasten yn ien slach ús hiele wiidske lânskip fergrieme.

 

Mar wat dogge wy dan wol? Hjir en dêr kinst fansels bêst in doarpsmûne hawwe sûnder dat it ynienen op Flevolân begjint te lykjen. Mar ast ien doarp in (hegere) mûne tastiest, dan ha oare doarpen dêr ek rjocht op. Troch sa’n presedintwurking driget Fryslân wol in twadde Flevolân te wurden.

 

De FNP kiest dêrom foar nije doarpsmûnen op see. In wynpark mei mûnen dêr’t doarpen yn dielnimme kinne. Mei de opbringst kin it doarp moaie dingen dwaan. Troch mûnen te klusterjen besparrest op ûnderhâlds- en ferfangingskosten. En troch in mienskiplik park te bouwen is der ek in fikse subsydzje fanút de lânlike SDE-pot mooglik. Soks soe de mearkosten fan bouwen op see kompinsearje kinne. It is dan foar it earst dat ynwenners fan dizze subsydzje profitearje, want oant no ta profitearret inkeld it bedriuwslibben der fan.

 

De provinsje moat it foartou nimme en dit mooglik meitsje. Faaks kin sa’n park yn ‘e mande mei Grinslân en Drinte oppakt wurde. Us susterpartij Groninger Belang stipet it idee al. Sa kinne alle doarpen profitearje fan subsydzjes en wurde boargers holpen by de energietransitie. En, faaks noch it alderwichtichst, ús lânskip, ús Griene Goud, wurdt net fierder fergriemd.

 

Johannes Kramer
listlûker FNP


Oanhingsel(s):
Johannes Kramer
Doarpsmunen op see - in tekening fan Gerko van Beek


Werom nei oersicht





FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling