FNP Fryslân
Bloch
19-03-2019 - [FNPodcast] #5 - Faklju
De podcast fan de FNP heakket yn op maatskiplike en politike tema's. In noflik petear ûnder it autoriden, yn dyn pauze of gewoan op bêd!

19-03-2019 - [Bloch] Corlienke de Jong: "Grut ferlet fan faklju"
Oerheden, ûnderwiis en bedriuwslibben jouwe tsientallen miljoenen út foar mear fakminsken. Dochs is der lânlik noch in tekoart fan 50.000 wurknimmers. Ynstânsjes wurkje noch gauris byinoar del. Omdat it MKB de siel is fan de Fryske ekonomy, moat de provinsje it heft yn hannen nimme.

14-03-2019 - [FNPodcast] #4 - Klimaatakkoart
De podcast fan de FNP heakket yn op maatskiplike en politike tema's. In noflik petear ûnder it autoriden, yn dyn pauze of gewoan op bêd!

12-03-2019 - [Bloch] Gerben Gebrandy: Frysk lûd yn de Earste Keamer
Stim op de FNP as wêzentlik Frysk lûd yn Den Haach. Dat is ek de ynset foar 20 maart. Dat de FNP gjin fileaal is fan in lanlike partij hat de ôfrûne jierren fertúten dien. Mei Hendrik ten Hoeve hat de Onafhankelijke Senaatsfractie (de OSF) in trochslach jûn yn, foar Fryslân, wichtige saken.

11-03-2019 - [Bloch] Bert Vollema: Omskeakeljen nei biolânbou moai mar djoer
Bert Vollema skeakelt oer nei biologyske lânbou. Hy skreau in bloch oer de swierrichheden en hy prate hjiroer yn de podcast.

11-03-2019 - [FNPodcast] #3 - Biolanbou
De podcast fan de FNP heakket yn op maatskiplike en politike tema's. In noflik petear ûnder it autoriden, yn dyn pauze of gewoan op bêd!

10-03-2019 - [Bloch] Bram Bonnema: "Wetter beet hâlde moat it nije tinken wurde"
It Fochtelerfean yn Eaststellingwerf lekt en dat is in slimme saak. It prachtige heechfeangebiet is unyk yn West-Europa en foarmet it thús fan bisten lykas de kraan en bosktsjirk, mar ek fan slangen sa as njirre, ringslange en glêde slange.
It heechfean drûget lykwols rap op fanwege de waarme en drûge simmer fan 2018.Derneist rint it wetter fuort fanwege in poreuze wetterkearing. Kwetsbere planten en bisten komme yn de knel en, sa warskôgje saakkundingen, net allinnich it kultuer-histoarysk lânskip ferdwynt, der komt ek in bulte C02 by frij. Dit moatte jo allegearre net wolle.

09-03-2019 - [Bloch] Johannes Kramer: FNP wol doarpsmûnen op see
Yn de oanrin nei de Steateferkiezings wolle hast alle partijen nije wynmûnen op lân tastean. De FNP net.

05-03-2019 - [Bloch] Rein van der Wal: "It trajekt Harns-Grins oanheakje op de Wunderline"
Elkenien hat wol ris winsken of dreamen. Dat jildt ek foar politisy. As steatelid ha je sels dan ek noch it foardiel dat je soms ynfloed hawwe kinne of wurkje kinne om je winsken út komme te litten. Ek ik dream en of fantasearje dus wol ris om myn winsken út komme te litten. Ik sil in foarbyld jaan.

03-03-2019 - Huzen bouwe yn échte doarpen
Ljouwert bout oan de súdkant sabearedoarpen, wylst besteande plakken yn Fryslân op slot sitte. Yn dizze echte doarpen is fraach. Yn Berltsum wie twa wike lyn in ynskriuwing foar 10 libbensrin-bestindige wenningen. Dêr ha 155 minsken harren foar ynskreaun! Der is dus wat mis mei it wenningboubelied.

28-02-2019 - [Bloch] Johannes Kramer: 'Foar elts wat te winnen mei biologyske lânbou'
Nei alle media-oandacht foar myn taspraak oer biologyske lânbou op 25 jannewaris ha ik in protte reaksjes krigen. Positive, mar ek negative. Ik ha mei ferskate boeren oan keukentafels sitten. En ik ha begryp foar in soad beswieren. Mar myn konklúzje is net feroare.

27-02-2019 - [Bloch] Wopke Veenstra 'Lit it lânskip net ferliezer wurde fan it jild'
De garnalefiskers fan Zoutkamp, dêr lies ik okkerdeis oer yn de Volkskrant. De mannen wêr’t fan elts sei dat se it yn de skaalfergrutting net rêden. Mar de fiskers bliuwden lyts en rendabel en fiskje duorsum. Dêrmei hawwe se in goed produkt, in garnaal dy’t lekker smakket en ek noch duorsum is! De Zoutkampers setten it yn de merk ûnder in eigen label (SOLT) en waarden dermei eigen baas oer de fangst en de opbringst!

21-02-2019 - [FNPodcast] #2 - Memmetaal mei û.o. Chris van Hes, Gerard de Jong en Petra Dol
De podcast fan de FNP heakket yn op maatskiplike en politike tema's. In noflik petear ûnder it autoriden, yn dyn pauze of gewoan op bêd!

20-02-2019 - [Bloch] Petra Dol: 'Oer memmetaal kin elk meiprate'
Ferline wike waard ik troch de FNP frege om mei te wurkjen oan in podcast oer “memmetaal” en dan benammen oer Memmetaal yn de aldereinsoarch. Ik moest opsykje wat in podcast no eins wie, mar ik bin oeral wol foar yn en ha ja sein. Ik wie wol nijsgjirrich!

14-02-2019 - [Bloch] Johannes Kramer: Ta op 100% biologysk buorkjen yn Fryslân
Dat is earlik sein hiel wat. Mar wy tinke dat it op termyn kin.

05-02-2019 - [FNPodcast] #1 - HaFaBra mei û.o. Corlienke de Jong, AnnaMartha van der Meij
De podcast fan de FNP heakket yn op maatskiplike en politike tema's. In noflik petear ûnder it autoriden, yn dyn pauze of gewoan op bêd!

03-01-2019 - [Bloch] Klaas Fokkinga: Klimaatakkoord geeft negatieve effecten burgers
Nederland staat voor een grote klimaatopgave. Daarom ligt er nu na jaren een nationaal klimaatakkoord. Helaas wordt hierin de rekening neergelegd bij ons landschap, onze kip met de gouden eieren. Verduurzamen? Natuurlijk. Maar dan wel eerlijk, de echte vervuilers aanpakken.

31-12-2018 - [Bloch] Sybren Posthumus: Gasprotest yn myn âlde studintestêd
13 desimber, 10.25 oere. In wetterich sintsje skynt mar it is kâld. Ik stean op it stasjon fan Grou-Jirnsum te wachtsjen op de trein nei Ljouwert. En dêrnei dan troch nei de stêd Grins. Bin benijd wat de dei my bringe sil. Fansels hoopje ik op in grutte opkomst by it gasprotest yn myn âlde studintestêd…

20-12-2018 - [Bloch] Klaas Fokkinga: Feroaring fan enerzjyoanbod kin best ek oars
Jo hoege gjin klimaatfanatikus, -skeptikus of -hater te wêzen om ynvestearje te wollen yn duorsumens. Mar doch it wol sa effektyf mooglik en mei noed foar ús leefomjouwing.

De tiid is dy fan stiging fan enerzjyprizen, de rekken dellizze by de gewoane man, klimaatferoarings en plannen oer alternative opwekking fan enerzjy.






FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling