FNP Fryslân
Begjin

17-10-2018 - Fryslân: Behâld húske Waling Dykstra Holwert (Provinsjale Steaten - Nijs)
De fraksje fan de FNP wol dat it eardere húske fan Frysk skriuwer Waling Dykstra (ferstoarn yn 1914), dat yn Holwert stiet, bewarre bliuwt. De lytse wenning stiet noch hieltyd te keap en ferrinnewearret allinnich mar. De partij komt mei skriftlike fragen nei Deputearre Steaten foar behâld fan dit fertutearze húske.

01-10-2018 - Fryslân kin hiel bêst sûnder ekstra wyn op lân (Provinsjale Steaten - Nijs)
Fryslân kin fossylfrij wurde sûnder mear wynmûnen op it lân. Benammen mei geotermy kinne wy yn de takomst grutte stappen sette op it mêd fan duorsumens.

29-09-2018 - Gerben Gerbrandy kandidaat-senator FNP (Organisaasje - kontakt - Nijs)
Op de ledegearkomste fan de FNP is Gerben Gerbrandy (Gau) keazen as kandidaat-senator foar de FNP yn de Earste Keamer. Foar de FNP-list fan Wetterskip Fryslân is Bram Bonnema fan Frjentsjer listlûker wurden

20-09-2018 - FNP: stipe foar doarpshuzen trochsette (Provinsjale Steaten - Nijs)
De fraksje fan de FNP wol dat de provinsjale stipe foar de Fryske doarpshuzen trochgiet. De partij komt yn de Steaten mei in útstel foar in ‘doarpshuzenregeling 2.0' foar de kommende Steateperioade. Ek it Iepen Mienskipsfûns en it wurk fan Doarpswurk draacht de FNP in waarm hert ta.

14-09-2018 - FNP fragen oer ferbetterjen Taalkado (Provinsjale Steaten - Nijs)
De Steatefraksje fan de FNP stelt fragen oan deputearre Poepjes oer it Taalkado foar jonge Fryske âlders en harren bern. Hoe sil it Taalkado fierder ferbettere wurde? Oanleiding binne de oanbefellingen fan twa ûndersiken nei it Taalkado en de taal yn Fryslân dy't okkerdeis ferskynden.

07-09-2018 - Frijbûtser fan septimber no online (Organisaasje - kontakt - Nijs)
Bestjoersferkiezings, kandidatelisten foar de ferkiezingen fan it Wetterskip en de Earste Keamer. En noch tal fan oare wichtige saken op de wurklist fan de ekstra ALG op 28 septimber, allegear yn dizze Frijbûtser.

04-09-2018 - In Memoriam Marten Bierman (Earste Keamer - Nijs)
Marten Bierman wie fan 1999-2003 de earste Senator foar de OSF. Ek wie hy de oprjochter fan it Wittenskiplik Buro.

03-09-2018 - OSF-tiidskrift Locomotie 69 no online (Earste Keamer - Nijs)
Maart 2019 binne der wer Steateferkiezings. Dit nûmer fan Locomotie is foar it grutste part wijd oan de tariedingen.

06-08-2018 - Wynturbines Nij Hiddum-Houw en Iselmar (Provinsjale Steaten - Nijs)
Is it wynpark Nij Hiddum-Houw oerstallich no't it Wynpark Fryslân yn de Iselmar folle mear kapasiteit krijt?

19-07-2018 - Rapport 'Geldstromen tussen het Rijk en de provincie Fryslân' (Organisaasje - kontakt - Nijs)
De FNP wol mear ynvestearje yn de sosjaal-ekonomyske struktuer fan Fryslân. No giet it measte jild nei útkearingen.




FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling