FNP Fryslân
Begjin

20-10-2017 - Durk Stoker (FNP) nije foarsitter OSF (Earste Keamer - Nijs)
De lederied fan de Onafhankelijke Senaatsfractie (OSF) hat sneon 14 oktober har nije foarsitter keazen. De ôfgeand foarsitter, Jabik van der Bij (76), hat nei 10 jier de foarsittershammer trochjûn.

18-10-2017 - FNP wol legere behearskosten Frysk finansieringsfûns FOM (Provinsjale Steaten - Nijs)
De FNP wol dat de organisaasje dy’t skielk it behear docht fan de Fryske ûntwikkelingsmaatskippij (de FOM) in legere fergoeding krijt fan de provinsje Fryslân. Ynstee fan maksimaal 5% oer it ynleine fermogen moat der in fergoeding fan maksimaal 3% wêze. De Steatefraksje fan de FNP bringt dat woansdei yn in moasje nei foaren.

11-10-2017 - FNP stelt fragen oer tekoart oan húsdokters (Provinsjale Steaten - Nijs)
Nei oanlieding fan in berjocht yn de LC fan 4 oktober oer it tekoart oan húsdokters yn Ljouwert en ynkoarten yn hiel Fryslân, stelt de FNP skriftlike fragen oan it kolleezje. It liket der op dat, as it kolleezje gjin aksje ûndernimt, op ferskate plakken yn Fryslân op koarte termyn gjin húsdokterssoarch mear foarhannen is. De FNP sprekt har noed en soarch hjir oer út en ropt it kolleezje op it sinjaal, wat ôfjûn is om Fryslân te promoaten om foldwaande húsdokters te hâlden, daliks op te pakken.

22-09-2017 - FNP fragen oer befoardering Fryske Literatuer (Provinsjale Steaten - Nijs)
Wurdt it literêre fjild no belutsen by takomstige promoasje fan Fryske boeken? Hoe stiet it mei it plan fan de Afûk foar in nij promoasje- en ferkeapplan? Komt der noch wer in Frysk boekefeest? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjir skriftlike fragen oer oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

18-09-2017 - Frijbûtser fan septimber 2017 no online (Organisaasje - kontakt - Nijs)
'Freonen, wy moatte allegearre mei-inoar oan ’e bak!' Dat sei fraksjefoarsitter Corlienke de Jong by de start fan it politike seizoen op 1 septimber yn Wommels. Lês mear oer dizze aktiviteit yn de nije Frijbûtser.

15-09-2017 - FNP: fragen oer stedsstrân Ljouwert (Provinsjale Steaten - Nijs)
Wat is it effekt fan de provinsjale subsydzje foar it stedsstrân fan Ljouwert? En hoe stiet it no echt mei de wetterkwaliteit fan de Potmarge? De Steatefraksje fan de FNP stelt hjir skriftlike fragen oer oan it Kolleezje fan Deputearre Steaten.

13-09-2017 - FNP sprekt NL-regear oan op referindum Kataloanje (Europa - Nijs)
De Spaanske steat moat ophâlde mei it skeinen fan minskerjochten en fan it frustrearjen fan it demokratysk proses mei in referindum yn Kataloanje. De Steatefraksje fan de FNP hat dêroer in brief skreaun oan minister Koenders fan útlânske Saken.

04-09-2017 - TV dokumintêre It Fryske Wetter (Wetterskip Fryslân - Nijs)
Wetterskip Fryslân hat fan't simmer mei Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân in ynhâldlike en finansjele bydrage levere oan in ferfolchôflevering fan de searje 'Wildernis onder water' fan de NPO: 'It Fryske Wetter'.

01-09-2017 - Fyzje nedich op in duorsum enerzjybelied (Provinsjale Steaten - Nijs)
Klaas Fokkinga en Henk de Vries - De provinsje Fryslân arbeidet mei ferskate gemeenten oan in ‘Fryske enerzjy stratezjy'. In poerbêst plan om taret te wêzen op de jierren nei 2020. Mar der is mear nedich foar in duorsum enerzjybelied.

28-08-2017 - FNP'er Jabik van der Bij nimt ôfskied as foarsitter OSF (Earste Keamer - Nijs)
'Je moet altijd boven de partijen staan'. Dat seit Jabik van der Bij yn de nije Locomotie. It tiidskrift fan de Onafhankelijke Senaatsfractie jout rom omtinken oan de skiedend foarsitter mei in wiidweidich fraachpetear.




FNP Fryslân Twitter
FNP Fryslân Facebook
FNP Fryslân Youtube
FNP Fryslân RSS Feed
FNP Fryslân Frysk
FNP Fryslân Nederlands
FNP Fryslân English
Wurd lid fan de FNP
Stypje de FNP
ANBI - Algemeen Nut Beogende Instelling